Fûgelhutten, bulten en mear...
|
Op tal fan plakken yn en om de Trynwâlden kinne je fan fûgels, oare bisten en natuer genietsje.
1. Utsichtpunt De Spitpleats, it Bûtefjild
Dizze ferheging fan turfen op de hoeke fan it wetter fan De Mear en de Wiel is in ûntwerp fan Nynke-Rixt Jukema.
De fyts as de auto kinne yn de berm fan de Ottemawei delset wurde. It kuierke nei it heechhout oer de Mear nimt sa'n 5 minuten.
Nei it brechje rjochts it paad folgje. Oer it polderdykje nei it skerm (2) nimt net near as 10 minuten.
De fyts as de auto kinne yn de berm fan de Ottemawei delset wurde. It kuierke nei it heechhout oer de Mear nimt sa'n 5 minuten.
Nei it brechje rjochts it paad folgje. Oer it polderdykje nei it skerm (2) nimt net near as 10 minuten.
De Spitpleats' Nynke-Rixt Jukema ferwijst mei har ûntwerp nei it ûnderwerp 'tiid'. Har stekje noeget út om jin Eefkes del te Jaan en lûden en luchten yn jin op te nimmen. De sealen en turven dêr't it út oplosten is, ferwize nei de spitketen dêr't de bewenners oan't yn de 20e eeuw ta yn bittere earmoed yn omhúsmannen.
2. Utsichtpunt De Wiel, it Bûtefjild
In skoftsje lyn stie hjir in lyts gemaaltsje ( by punt 2) mei in skerm, sa dat de fûgels yn it wetter fan tichtby te sjen wiene. It is no ôfbrutsen en ek it skerm is fuorthelle. Der is in bankje foar yn it plak kommen, mei ek in prachtich sicht op it wetter, mar de fûgels doare net echt tichtby te kommen. De fyts as de auto kinne op it parkearplak by de betonbrêge oan it Bûtefjild delset wurde. Yn in kertier rinst nei it skerm ta.
It bankje mei útsicht op de Wiel op it plak fan it eardere poldergemaaltsje.
3. Utsjochtoer Ottema-Wiersma Reservaat/Sippenfinnen
Oan it Koekoekspaad stiet de útsjochtoer. Ek dizze toer is in ûntwerp fan Nynke-Rixt Jukema. Hy jout in prachtich útsicht oer it natuergebiet Sippenfinnen en leit neist it Ottema-Wiersmareservaat. De Sippenfinnen is in unyk gebiet dat bûten it briedseizoen tagonkelik is en fia it lytse pontsje neist de toer te berikken is. De auto kin op it parkearplak by de Ottemawei delset wurde. Mei de fyts kinst by de toer komme.
De útsjochtoer oan it Koekoekspaad jout in prachtig sicht op de Sippenfinnen en it Ottema-Wiersma Reservaat. Op de foto hjirûnder de draaibrêge, di't troch It Fryske Gea brûkt wurdt foar ûnderhâldswurk yn de Sippenfinnen. Besykers kinne nei 1 july oan't 14 maart via in pontsje yn it gebied komme. Fan 15 maart oan't 1 July is it net tagonkelik.
4. Fûgelhut It Set, Gytsjerk
Tichtby de buorkery fan It Fryske Gea van de Koaiwei stiet fûgelkykhut 'It Set'. Oan de râne fan de Koaiboutfeart hawwe je fanút de hut in moai útsicht oer it wetter en de lege polders (De Warren en de Ryptsjerkster polder). In eintjse fierder de Koaiwei del is de Buismankoai. De oare koai, de Kobbekoai leit fierder yn de polder.
5. Utsjochbult Ryptsjerksterpolder
6. Utsjochbult Grutte Wiel
Dizze bult jout in rom sicht fanút de súdkant op de Grutte Wiel en de de Ryptsjerksterpolder. Hy is te berikken fia de oan de Grinserstrjitwei lizzende paralleldyk. Fanôf it parkearplak is it in lyts eintsje rinnen.
7. Fûgelhut Lytse Wiel
Oan de súdkant fan de Grinserstrjitwei leit de Lytse Wiel. Ek hjir is in aardige fûgelhut, dy't te berikken is oer de Woeldyk. By de ferkearsljochten op de Grinserstrjitwei (kommend fanôf Hurdegaryp) linksôf en dan fuort rjochts parallel oan de strjitwei nei it Alddiel. Nei oardel kilometer linksôf de Woeldyk op.
8. Utsjochbult De Houtwiel
Boppe op de bult jout it in prachtig útsicht op de Houtwiel. De auto kin op de Schwarzenbergloane stean. De yngong fan it gêrspaad nei de bult is oer de brêge. By de yngong is romte genôch foar de fyts.